Mulder fuort by KV Drachten

03 nov 2008 - 17:55

Henk Jan Mulder hâldt oan 'e ein fan dit seizoen op as haadtrainer fan kuorbalferiening Drachten/Van der Wiel. Hy docht dit om persoanlike redenen. It bestjoer en de spilers fan de club fine it spitich dat Mulder der nei twa jier mei ophâldt.

Assistint-trainer en coach Nico Kraan hat witte litten ek takom jier aktyf te wêzen yn dy funksje by de Drachtsters. Kuorbalferiening Drachten sil sadwaande op syk gean nei in opfolger foar Henk Jan Mulder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)