Minsken wekker troch man

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in wente oan de Kuperswei yn De Rottefalle skrokken sneontenacht doe't se samar in ûnbekende man yn har wenning seagen. Hoe't de man binnenkaam is, is net bekend mar hy hie dêrby wol de bewenners wekker makke.
Dy binne de man noch achternei gien, mar krigen him net mear te pakken. Doe't se werom kamen yn har wente kamen se der achter dat in mobile telefoan stellen wie. Ek de warskôge plysje koe de man net mear fine.