Elma de Vries 4e op 5000 meter

02 nov 2008 - 15:19
Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, is snein by it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf fjirde wurden op de 5000 meter. En dat plak jout rjocht op dielname oan de wrâldbekerwedstriden yn novimber yn Moskou.

Renate Groenewold fan Assen wûn de 5000 meter. Har tiid wie 7.04,00. Gretha Smit waard twadde en Lisette van der Geest tredde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)