Motorrider ferwûne by Jistrum
In motorrider fan De Harkema is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Ryksstrjitwei by Jistrum. Op de T-splitsing mei de Kooiwei woe in auto út Jistrum wei de strjitwei opride.
De bestjoerder seach de motorrider oer de holle, omdat dy achter in auto oanried dy't ôfsloech. De motorrider is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht.