Te hurd oer Ofslútdyk

02 nov 2008 - 13:19

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is sneontemiddei in man út Beverwyk syn rydbewiis kwytrekke, omdat er fierstente hurd ried. Hy ried by de plysjekontrole lâns mei in snelheid fan 126 kilometer yn de oere, wylst dêr by Koarnwertersân mar 70 riden wurde mei.

As der mear as 50 kilometer te hurd riden wurdt, kin de plysje it rydbewiis ynnimme en dat wie hjir it gefal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)