Iepen atelierrûte yn Ljouwert
Yn Ljouwert wurdt dit wykein foar de fjirtjinde kear de iepen atelierrûte hâlden. Der dogge fyftich keunstners oan mei. Sy rjochtsje har mei de rûte ûnder oare op minsken dy't oars net sa faak yn in galery of museum komme.
Sneon is de iepen atelierrûte begûn. It duorret noch oant sneintemiddei 17.00 oere.