Gjin nije lokalen Easterwâlde

02 nov 2008 - 13:11

Der moatte gjin nije lokalen boud wurde by it Stellingwerfkolleezje yn Easterwâlde. Dat fynt de gemeente Eaststellingwerf. De skoalle seit dat der te min romte is, omdat it tal learlingen groeit.

Ek soe der ekstra romte nedich wêze yn ferbân mei nije lesmetoaden. De gemeente is it der net mei iens. B&W sizze dat it tal learlingen fan no gjin goede maat is foar de takomst. Troch de fergrizing sille der op lange termyn júst minder learlingen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)