Besuniging byb giet net troch

© Omrop Fryslân
De besuniging op de biblioteek yn Tytsjerksteradiel giet net troch. B&W woene earst 30.000 euro besparje, mar komme dêr no op werom. Troch in besuniging soe der net genoch jild mear wêze foar nije boeken.
Fierder soe it lidmaatskipsjild te bot omheech moatte. Dan soe de biblioteek yn Tytsjerksteradiel djoerder wêze as yn Ljouwert en Boarnsterhim. Tongersdei praat de gemeenteried oer de besuniging op de biblioteek.