Boek histoarje Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Yn Surhústerfean is sneontemoarn in boek oer de histoarje fan it doarp presintearre. It wurk mei de titel 'Surhuisterveen, een vlecke gevangen in de tijd' is makke troch Hendrik Land út Surhústerfean.
It earste eksimplaar fan it boek waard troch Land útrikt oan boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Achtkarspelen. It boek hat in oplage fan 500 stiks. Yn it boek is neist tekst ek in soad fotomateriaal oer de skiednis fan Surhústerfean opnaam.