Nijenhuis diskwalifisearre

01 nov 2008 - 16:03

Reedrider Beorn Nijenhuis is sneon diskwalifisearre op de 1000 meter by de NK ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean. Hy kaam yn in bocht mei de foet oer de blokjeskieding. It is in nije regel dat dit net tastien is.

Neffens Nijenhuis is hy yn it neidiel omdat er lange fuotten hat. Minsken mei koarte skonken soene foardiel ha om't it middelpunt fan har swiertekrêft minder fier fan de blokken is, sa is syn ferklearring. Stefan Groothuis wûn de ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)