Natuerdei yn Fryslân

Elkenien dy't in dei yn de bûtenlucht wurkje woe, koe sneon oan de slach. Op tolve plakken yn Fryslân stutsen frijwilligers de hannen út de mouwen. In dei beammen snoeie, wylgen knotsje, of kuierpaden oanlizze.
De iepening fan de natuerdei yn Oranjewâld waard dien troch sjonger Syb van der Ploeg. It wie foar de achtste kear dat sa'n dei hâlden waard. Yn Fryslân diene likernôch 550 frijwilligers mei. Der wiene ek in soad bern oan de slach.