Nije programmearring Omrop

01 nov 2008 - 13:55

Mei yngong fan 3 novimber 2008 wurdt de programmearring fan Omrop Fryslân televyzje yngripend wizige en wurde de programma's út fernijde dekors wei útstjoerd. De hiele útstrieling fan de televyzje sil ek fernijd wurde, mei in nij logo, nije kleuren en nije 'leader- en bumper-filmkes'.

Fan moandei ôf sil de televyzje begjinne om 17.00 oere mei earst in koart nijsbulletin fan Hjoed. De 'gewoane' Hjoed bliuwt om seis oere, mar wurdt in ekstra lange Hjoed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)