Bit-Koersdei yn Wolvegea

Bit-poster
Stifting Fries Filmfonds, StevenDeJong Producties BV en Omrop Fryslân presintearje sneontemiddei de 'Bit-Koersdei' op it drafsintrum Wolvegea. It is in evenemint mei in spektakulêr koersprogramma mei shownûmers en oare festiviteiten, yn it ramt fan de PR fan de televyzjesearje 'Bit'.
Bit is alwer de tredde regiosoap dy't Omrop Fryslân yn gearwurking mei StevenDeJong Producties produsearret. De searje is fan 7 novimber ôf te sjen by de omrop en takom jier by de KRO.