Ferkearskontrôles yn Ljouwert

01 nov 2008 - 13:12

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei en -jûn ferkearskontrôles holden op ferskate plakken yn de stêd. Hjirby binne 28 bekeurings útdield foar it riden troch read ljocht.

Ek krigen njoggen automobilisten in bon, omdat se oan it beljen wiene ûnder it autoriden. Fierders waarden der noch bekeurings útdield foar te hurd riden en it net dragen fan in gurdel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)