Ungelok mei 4 auto's yn Winsum

© Omrop Fryslân
Op de Froonackerdyk yn Winsum hat freedtemoarn in ûngelok plakfûn wêrby't fjouwer auto's belutsen wiene. In 41-jierrige automobilist út Easterlittens stie stil om de Meamerterdyk op te riden.
In bestjoerder (54) fan in frachtwein út Haulerwyk botste achterop de auto. Dy skeat ferfolgens op de oare rydbaan en kaam frontaal yn botsing mei de auto fan in frou (35) út Minnertsgea. Dy auto rekke de auto fan in frou (35) út Frjentsjer.