Tsjerke Holwert restaurearre

01 nov 2008 - 12:27

De Doperske Vermaning yn Holwert is sneon opnij iepene. De tsjerke út 1850 is it ôfrûne heal jier werom brocht yn de oarspronklike styl. De mienskip telt noch mar 60 leden en 30 belangstellenden, mar fusearje mei de gereformearden en herfoarmen is op dit stuit net oan de oarder.

De ferbouwing hat in heal jier duorre en dêrfoar moast 250.000 euro op it kleed komme. Omdat it om in monumint giet hat it hiele doarp meibetelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)