Wer winst Cambuur
Cambuur hat foar de fyfde kear op rige wûn. Freed wienen de Ljouwerters mei 2-1 te sterk foar Top Oss. De besikers kamen troch Moutakawil op in 1-0 foarpsrong. Yn de slotfaze makken Michael en Rudy Jansen de goals foar Cambuur.
Ruud ter Heide en Sandor van der Heide misten beide in penalty. Ek grutte kânsen waarden troch de Ljouwerters net benut. Cambuur is no fjirde yn de kompetysje mei 25 punten út 14 wedstriden.