Gaseksploazje wenhûs Warkum

De ravaazje nei de eksploazje
By in grutte gaseksploazje yn in dûbele wente oan de Buterikkers yn Warkum is freedtemiddei in famke licht ferwûne rekke oan de holle. Se is oerbrocht nei it sikehûs.
Op it momint fan de eksploazje wiene der fjouwer minsken yn ien fan de beide huzen oanwêzich. Dy binne der op'e tiid útkaam, foardat beide wenten ynstoarten. Wat krekt de oarsaak west hat fan de eksploazje is noch net bekend.