Albayrak posityf oer Fryslân

31 okt 2008 - 16:59

De opfang fan minsken mei in generaal pardon yn Fryslân moat in foarbyld wêze foar oare provinsjes. Dat seit steatssiktaris Albayrak fan Justysje. Sy wie freed by de wolkombyienkomst foar generaal pardonners en statushâlders út Fryslân.

Foaral oer it wurk fan Taskforce Wolkom yn Fryslân is Albayrak goed te sprekken. Yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean wie dêrom in merk dêr't minsken telâne koene foar in baan, opleiding of wenning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)