Lucky Daltons mei Chuck Berry

31 okt 2008 - 16:14

De Fryske rockabillyband The Lucky Daltons is útkeazen om op snein 16 novimber it foarprogramma fan 'e wrâldferneamde rock 'n rollartyst Chuck Berry yn Ljouwert te fersoargjen. Der wiene alve bands yn de race foar dit earfolle optreden.

Freedtemiddei waard yn radioprogramma Noardewyn bekend makke dat The Lucky Daltons harren namme eare oandogge. De organisaasje fûn dizze band it meast geskikt om it publyk op te waarmjen. It optreden is yn Zalen Schaaf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)