Spitse en Geurts nei EK

Sherida Spitse foar de tv-kamera
Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits en keepster Loes Geurts fan Boalsert hawwe histoarje skreaun troch harren mei it Nederlânsk frouljusteam te pleatsen foar it EK yn Finlân. It is foar it earst dat Nederlânske froulju har pleatse foar in eintoernoai.
Nei in 2-0 oerwinning yn en tsjin Spanje, wûn Nederlân tongersdeitejûn yn Volendam wer mei 2-0. Karin Stevens makke krekt foar en nei rêst de goals. Ek Hearrenfeanspylster Sylvia Smit spile mei by Oranje.