Sulejmani kandidaat Golden Boy

© Omrop Fryslân
Ald-Hearrenfean spiler Sulejmani is troch de Italjaanske sportkrante Tuttosport nominearre foar de Golden Boy-priis. Dizze priis is bedoeld foar it grutste talint yn it Europeeske fuotbal en wurdt jierliks útrikt. Miralem Sulejmani is ûnder oaren nominearre op basis fan syn lêste healjier by Sportklub Hearrenfean. Hy moat it yn de kompetysje opnimme tsjin 39 oare fuotbaltalinten fan ûnder oaren Arsenal en Barcelona.
De útslach komt yn desimber.