Aksje tsjin UMTS mêsten Harns

30 okt 2008 - 20:01

De ynwenners fan ferpleechhûs De Batting yn Harns komme yn aksje tsjin de UMTS-mêsten by it gebou. De kliïnterie fan De Batting seit benaud te wêzen foar de skealike strieling dy't mooglik fan de mêsten útgiet. De kliïnten komme dêrom al yn it foar mei skeaklaims, wêrmei't se soarchgroep Noorderbreedte der oanspraaklik foar stelle wolle as ien siik wurdt troch de mêsten.

Ek binne der 1500 brieven ferspraat ûnder omwenners fan De Batting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)