GGZ moat 8 miljoen besparje

© Omrop Fryslân
GGZ Fryslân moat yn 2009 mei-inoar acht miljoen euro besunigje. De besuniging is needsaaklik troch de merkwurking yn de soarch. Om yn 'e takomst finansjeel oerein te bliuwen wol de GGZ de kommende tiid besjen hoe't der effisjinter wurke wurde kin.
De yntinsive psychiatryske soarch bliuwt beslist bestean. Guon lichtere foarmen fan soarch sille mooglik sneuvelje. Wat dat krekt betsjut foar wurknimmers en pasjinten is no noch net te sizzen, sa seit it bestjoer.