Bou wenwyk Wyldehoarne los

© Omrop Fryslân
Op 'e Jouwer wurdt freed begûn mei de oanlis fan de nijbouwyk Wyldehoarne. Yn de wyk wurde hast fytich miljeufreonlike en enerzjysunige huzen boud. Oant no ta binne dêr 31 fan ferkocht. De bewenners meitsje gebrûk fan flitsfergunningen.
As de huzen dy't se bouwe wolle, foldogge oan de duorsume easken dy't de gemeente Skarsterlân stelt, krije se rapper in fergunning. Uteinlik moatte der 180 huzen yn de nije wyk komme.