Fryske skriuwers op toernee

© Omrop Fryslân
Om stimmen binnen te heljen foar de publykspriis geane de trije nominearre skriuwers fan de Fedde Schurer-priis op toernee. No woansdei binne se te finen yn de trein tusken Snits en Starum. Jaap Krol, Simon Oosting en Elske Schotanus sille dan tusken rûchwei healwei alven en tsien foar alven foarlêze út eigen wurk.
Ek sille de skriuwers ferskate bibleteken by del. Elk kin har stim útbringe op it favorite boek op www.fryslan.nl/feddeschurer.