Grien ljocht hotel Langwar

Illustraasje Inbo/Noordpeil
De ried fan Skarsterlân hat woansdei unanym ynstimd mei de hotelplannen by de Langwarder Wielen. Alle partijen binne entûsjast oer it plan fan de ynvestearringsmaatskippij Rinzema van der Vliet BV út Blaricum. Dat wol oan de Wielen by de A7 tusken Snits en De Jouwer in lúkse hotel bouwe.
Yn it plan is romte foar njoggentich keamers, 75 apparteminten, romtes foar gearkomsten en tal fan fasiliteiten op it mêd fan sport en sûnens. Der komt ek in haven by it hotel.