Dosinten stake,learlingen frij

30 okt 2008 - 11:00

Leararen yn it Fryske fuortset ûnderwiis kinne har tongersdei op fjouwer plakken yn Fryslân registearje as staker. Yn Ljouwert, It Hearrenfean, Dokkum en Snits kinne de dosinten oanjaan dat se sa gau mooglik in goede CAO ha wolle. It is lanlik de fyfde en lêste stakingsdei.

De VO-Raad, de wurkjouwersorganisaasje yn it fuortset ûnderwiis, wegeret oant no ta oan de easken fan de bûnen temjitte te kommen om de wurkdruk by dosinten omleech te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)