Grousters nei rjochter om pont

30 okt 2008 - 09:58

De bewenners fan eilân De Burd by Grou stappe nei de rjochter as de gemeente yngripend besuniget op de pont oer it Margrietkanaal. Boarnsterhim komt jild tekoart op de begrutting en moat dêrom de kommende fjouwer jier 2 miljoen besparje, ûnder oare op de pont.

Dy fart no noch de hiele dei fan moarns betiid oant ta midden yn de nacht. Mar de gemeente wol snije yn it tal oersetten. Hofstede fan in feriening fan Burdbewenners fynt dat de gemeente harkje moat nei de minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)