Sukses foar famylje De Vries

Reedrydster Elma de Vries hat woansdei yn Eindhoven de achtste maraton fan de KNSB Cup wûn. It is foar har al de fiifde winst fan dit jier. De 25-jierrige Friezinne út Meppel fersloech de Amerikaanske Chris Witty en Mariska Huisman yn de massasprint.
Broer Bob wûn op it iis yn Eindhoven syn earste KNSB-maraton fan dit jier. Hy wûn de massasprint foar Arjan Stroetinga en Karlo Timmerman. It wie foarearst de lêste maraton fan de KNSB Cup. No komt earst de Essent Cup.