Gjin nij ûndersyk baby Risanne

29 okt 2008 - 21:59

It ûndersyk nei de dea fan poppe Risanne Tingen fan Appelskea wurdt net weriepene. Dat hat de Commissie Evaluatie Afgesloten Strafzaken bepaald. Heechlearaar rjochtpsychology Peter van Koppen hat mei syn dochter it plysjeûndersyk ûndersocht en frege om weriepening fan de saak, mar de kommisje sjocht dêr gjin reden foar.

Risanne waard út har bêd helle en ferdronk yn de feart achter har âlderlik hûs. In freondinne fan har mem út Waskemar krige 8 jier sel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)