Ljouwert wol kreas sintrum

29 okt 2008 - 15:20
Foto: Omrop Fryslân

Sa'n 35 gebouwen yn de Ljouwerter binnenstêd moatte opknapt wurde. De gemeente wol yn it sintrum gjin fertuteaze gebouwen ha. Der is sjoen nei achterstallich ûnderhâld.

Mei de eigners wol de gemeente ôfspraken meitsje oer it opknappen. As se net om lyk wolle, nimt de gemeente swierdere maatregels. Foar de begelieding lûkt de gemeente 45.000 euro út. Oan it herstelwurk betellet Ljouwert net mei.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)