Jild foar defibrillators

Snits jout jild foar defibrillators
Ferienings yn Snits kinne subsydzje fan de gemeente krije foar it oanskaffen fan in defibrillator. Dat ha de riedsfraksjes unanym besletten.
Oanlieding foar it beslút wie dat mei help fan in defibrillator koartlyn it libben fan in fuotballer op it fjild fan Waterpoort Boys rêden is. De gemeente fynt dat alle ferienings sa'n apparaat oanskaffe kinne moatte, om't de oerlibbingskâns fan minsken mei in hertstilstân der bot troch tanimt.