Man bedrige mei fjoerwapen

© Omrop Fryslân
In man (24) út Noardwâlde is bedrige mei in fjoerwapen. Tiisdeitenacht brocht er mei de auto kranten rûn. Hy waard op 'e Tynje op de krusing fan de Hanebuert mei de Dûker klemriden troch twa manlju yn in ljochtblauwe Opel Astra. De mannen stapten út, drukten him in fjoerwapen tsjin de holle en fregen om jild. Doe't it slachtoffer sei dat er gjin jild by him hie, ha se de auto trochsocht. Se fûnen neat en rieden fuort.
De plysje freget tsjûgen har te melden.