Wa wurdt nije boargemaster?

29 okt 2008 - 10:22

It is ûndúdlik wa't boargemaster wurdt fan de nije grutte gemeente yn de Súdwesthoeke. De boargemasters fan Boalsert (Vroegindeweij), Wymbritseradiel (Reitsma) en Nijefurd (Boekhoven) sille mei pinsjoen.

Piersma (Wûnseradiel) en Brok (Snits) bliuwe oer. Brok liket de bêste papieren foar it amtskeatling te hawwen. Hy wol noch net op de saken foarútrinne, mar slút net út dat er beskikber is as earste boarger fan de gemeente dy't troch de fúzje ûntstiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)