'Gaasterlân ek by SW-hoeke'

Galema wol Gaasterlân ek by SW-hoeke ha
Gaasterlân-Sleat moat no dochs noch kieze foar in fúzje mei de oare fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke. Neffens deputearre Galema moat de ried nochris goed neitinke oer in eventuele gearwurking mei Skarsterlân en Lemsterlân.
Boalsert, Wymbritseradiel, Nijefurd, Wûnseradiel en Snits namen tiisdei it histoaryske beslút om foar 2011 ien gemeente te foarmjen. It beslút hie yn alle rieden in breed draachflak.