Camping Akkrum ferkocht

29 okt 2008 - 06:40

Camping Tusken de Marren yn Akkrum kin foar 1.7 miljoen euro ferkocht wurde oan projektûntwikkelder Rotteveel-M4 út Alkmaar. Dat hat de mearderheid fan de ried fan Boarnsterhim tiisdei besletten.

De nije eigner is fan doel om grûn neist de camping oan te keapjen. Hy wol in rekreaasjeoard opsette mei foarsjennings foar bern, húskes en in strân. Der steane op dit stuit 120 stacaravans op de camping, mar dy moatte yn de kommende jierren ferdwine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)