Jawurd yn fiif gemeenten

De nije Súdwesthoekegemeente
Mei it jawurd fan Snits en Boalsert hawwe alle gemeenten harren goedkarring jûn oan de weryndieling yn de Súdwesthoeke. Boalsert is de iennige gemeente dêr't de ried unanym ynstimde mei it weryndielingsplan.
Yn Snits hawwe allinnich de trije SP'ers tsjinstimd. De oare 18 riedsleden stimme yn. Earder al stimden de rieden fan Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel yn mei it plan om mei syn fiven fierder te gean.