Ek Nijefurd stimt foar fúzje

28 okt 2008 - 21:34

De gemeenteried fan Nijefurd hat tiisdeitejûn as tredde gemeente foar weryndieling mei Snits, Wymbritseradiel, Boalsert en Wûnseradiel stimd.

Yn tsjinstelling ta de earste twa gemeenten, gie it der yn Warkum om wei. De fraksje fan Grien Links rûn út de gearkomste. De fraksjes fan Christenunie en FNP stimden tsjin. Dy binne goed foar 3 tsjinstimmen. De FNP neamde it in ûndemokratysk beslút om ta in fúzje te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)