Oanwinst foar museum Belvedère

28 okt 2008 - 21:06

Mei in brûklien foar trije wurken fan skilder Jan Mankes, hat museum Belvédère de grutste kolleksje fan dizze skilder yn Nederlân. Fan nije wike ôf binne de wurken te sjen.

De wurken binne partikulier eigendom en komme foar in langere tiid yn brûklien fan it museum. Se wiene al earder yn it museum te sjen by in oersjochseksposysje. Torenvalk, Winter met sloot en Parelhoen binne wurken út de tiid dat Jan Mankes op De Knipe wenne en wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)