Bou houten fiadukt lestich

28 okt 2008 - 21:04

It is noch net wis oft it houten fiadukt yn Snits op 'e tiid klear komt. Projektburo A7 seit dat se op skema lizze en ferwachtsje dat it earste fiadukt by de Molenkrite heal novimber klear is, mar dêr binne se net wis fan.

Earder rûn it pleatsen fan de houten brêge al fertraging op. De Dútske oannimmer Schaffitzel rint tsjin nochal wat technyske problemen oan. Earder wie it lymjen fan it hout in probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)