Kontrakt Qbuzz is jildich

Qbuzz mei ride
De ferfiersbedriuwen Connexxion en Arriva kinne it kontrakt tusken de provinsje en nijkommer Qbuzz net oanfjochtsje. Beide bedriuwen stapten nei de rjochter om de gunning fan it iepenbier ferfier yn Súdeast Fryslân oan Qbuzz ûngedien te meitsjen.
Beide hiene net ynskreaun omdat se fûnen dat de provinsje te min jild frijmakke foar it iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân. It nije ferfiersbedriuw Qbuzz krige doe it kontrakt, dat ynkoarten yngiet.