Wymbrits foar weryndieling

28 okt 2008 - 16:27

Yn Wymbritseradiel hat in romme mearderheid fan de ried tiisdei ynstimd mei it opgean fan de eigen gemeente yn in grutte Súdwesthoekegemeente. Yn de riedsgearkomste ferklearre allinnich de FNP him tsjin de plannen om mei fjouwer oare gemeenten te fusearjen ta in gebiet mei 80.000 ynwenners.

Letter tiisdeitemiddei en -jûn nimme ek Wûnseradiel, Nijefurd, Boalsert en Snits in beslút oer itselde weryndielingsfoarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)