Blautonge pleaget feehannel

© Omrop Fryslân
De hannel op de Ljouwerter feemerk hat bot lêst fan de nije útbraak fan Blautonge yn it easten fan Nederlân. Ferline wike waard bekend dat der in nij type blautonge ûntdutsen is yn de omjouwing fan ûnder oare Hellendoorn, Rijssen en Almelo.
Om it gebiet hinne is in ferfiersferbod ôfkundige mei in straal fan rûchwei 50 kilometer. Dat betsjut dat de grins leit oant de line De Lemmer, It Hearrenfean, Drachten en Grins.