Kleasterkapel krijt húske

28 okt 2008 - 11:26
De kleasterkapel fan Sibrandahûs

Minsken dy't nei in konsert geane yn de kleasterkapel yn Sibrandahûs hoege oer in skoftke net mear bûtendoar nei it húske. Ferline wike is de ferbouwing oan it âlde tsjerkje lang om let út ein set.

De kapelkommisje hat al jierrenlang de winsk dat der húskes yn de kapel komme, mar der wie hieltyd gjin jild. Mei help fan subsydzjes en jild fan behearder Stichting Alde Fryske Tsjerken komt der no in ein oan de âlde sitewaasje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)