Ofslútdyk skoft ôfsletten

Gaos op Ofslútdyk (foto Jaring Rispens)
De Ofslútdyk wie tiisdeitemoarn fan beide kanten oerenlang ôfsletten foar it ferkear nei in tal ûngelokken. Troch in fikse hagelbui ûntstie der in laach iis op 'e dyk. Dêrtroch rekken tsientallen auto's yn de slip, wêrnei't se op elkoar botsten.
Tsien minsken binne licht ferwûne rekke, trije fan har moasten mei de ambulânse nei it sikehûs. Oan beide kanten fan de Ofslútdyk ûntstiene lange files. Om healwei ienen hinne is de dyk wer frijjûn.