Jild Oranjefûns foar FSU

28 okt 2008 - 09:54

It Oranjefûns hat 30.000 euro takend oan it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, it FSU. It jild is bedoeld foar it projekt Belangenbehartiging in Beweging, dat as doel hat helpferliening by sosjale sekerheid, handikaptefoarsjennings en reyntegraasje mobiler te meitsjen.

No binne der noch 18 lokale punten dêr't kliïnten op sprekoere komme kinne. De FSU wol mei it jild foar it projekt ekstra frijwilligers opliede dy't nei de kliïnten ta komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)