Hoarekabrân yn Warkum

Brân yn Warkum (foto Jan Droogsma)
Yn brân yn in hoarekasaak oan it_Noard yn Warkum hat bewenners moandeitenacht wekker holden. Om kertier foar fjouweren fernamen se dat der brân wie yn harren strjitte en fan ferskillende kanten waard de brânwacht warskôge.
Ek de brânwacht fan Boalsert waard noch oproppen, mar dat wie úteinlik net nedich. Om kertier foar fiven, in oere nei de melding, waard it sein brânmeester jûn. Der wiene op it stuit fan de brân gjin minsken yn it gebou oanwêzich.