Kampus Wyldemerk giet iepen

27 okt 2008 - 21:13

It kolleezje fan deputearre steaten yn Fryslân sil tiisdei De Wyldemerk yn Harich offisjeel iepenje. It giet hjir om in kampus mei in 24-oers foarsjenning foar probleemjongeren tusken de 15 en 22 jier. Foar dizze jongeren is gjin plak yn it reguliere ûnderwiis.

Der is rom fjouwer jier wurke oan dit nije ûnderwiiskonsept. De belangstelling foar de kampus yn Harich foel begjin dizze moanne noch ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)