Gemeenten brûke ekologysk hout

© Omrop Fryslân
Ljouwert, Hearrenfean en Wymbrits binne de earste Fryske gemeenten dy't sa folle mooglik gebrûk meitsje sille fan ekologysk ferantwurde hout. Moandei waard yn it gemeentehûs fan Ljouwert in FSC-konvenant troch dizze gemeenten ûndertekene.
FSC stiet foar Forest Stewardship Council, dat is de Rie foar Goed Boskbehear. De trije gemeenten sizze dêrmei ta hout te brûken mei dit keurmerk en wolle sa sjen litte dat se ferantwurde mei de natuer om geane.